Fundraising 2008/appeal/fy

From Meta, a Wikimedia project coordination wiki

In oprop troch Wikipedia-oprjochter Jimmy Wales[edit]

Achte lêzer,

Hjoed wol ik jo freegje Wikipedia te stypjen mei in donaasje. Dit kin faaks nuver oerkomme: wêrom freget ien fan de fiif populêrste websteeën fan de wrâld om finansjele stipe fan syn besikers?

Wikipedia wurdt op in oare manier boud as hast alle oare top 50-websteeën. Wy hawwe mar in lyts tal minsken yn tsjinst: 23. De ynhâld fan Wikipedia is frij te brûken troch eltsenien en foar elk doele. Us jierlikse útjeften binne minder as seis miljoen dollar. Wikipedia wurdt yn de loft hâlden troch de Wikimedia Foundation, dy't ik yn 2003 oprjochte haw.

Uteinlik wurdt Wikipedia draaiende hâlden troch in wrâldwide mienskip fan mear as 150.000 frijwilligers - allegear tawijd oan it frij dielen fan kennis. Yn de rin fan hast acht jier tiid hawwe dizze frijwilligers mear as 11 miljoen artikels bydroegen yn 256 talen. Alle moannen komme der mear as 275 miljoen minsken nei ús webstee om tagong te krijen ta dy ynformaasje, sûnder kosten en sûnder advertinsjes.

Mar Wikipedia is mear as in webstee. Wy hawwe in mienskiplike missy: Tink ris ta: In wrâld dêr't eltsenien frije tagong hat ta al it minsklik witten. Dêr wurkje wy oan.

Jo donaasje helpt ús op ferskate manieren. It wichtichste is, dat jo ús helpe om de stigende kosten fan it fersoargjen fan wrâldwiid ferkear nei ien fan de populêrste websteeën op it ynternet op te fangen. Donaasjes drage ek by ta it ferbetterjen fan it sêftguod dêr't Wikipedia op draait - wêrtroch Wikipedia makliker trochsykber, lêsber en bewurkber wurdt. Wy wolle de beweging fan frije kennis wrâldwiid waakse litte, troch nije frijwilligers te winnen en gear te wurkjen mei ynstituten dy't har dwaande hâlde mei kultuer en edukaasje.

Wikipedia is oars. It is de grutste ensyklopedy yn de skiednis, skreaun troch frijwilligers. Krekt as yn in nasjonaal park of op in skoalle leauwe wy net dat advertinsjes thúshearre op Wikipedia. Wy wolle Wikipedia fergees en sterk hâlde, mar wy binne dêrfoar de steun fan tûzenen minsken lykas jo nedich.

Ik noegje jo dan ek út om ús te helpen: jo donaasje draacht der ta by Wikipedia foar de hiele wrâld fergees te hâlden.

Tankewol,

Jimmy Wales

NO STYPJE »

Mear ynformaasje[edit]

Sitenotice[edit]

Lês asjebleaft
de persoanlike oprop fan
Wikipedia-oprjochter Jimmy Wales

Mear ynformaasje