Kontrôle behearders aktivens/Berjocht oan de mienskip

From Meta, a Wikimedia project coordination wiki
This page is a translated version of the page Admin activity review/Notice to communities and the translation is 100% complete.

Please select a language and use the text without <translate> tags by using the button "View raw source":
View raw source

Belangryk: Kontrôle behearder aktivens

Goeie. In berjocht oangeane it ynlúken fan de ekstra rjochten (rjochtenútfurder, behearder, omjouwingsbehearder, ensfh. ) is fêststeld troch konsensus yn 2013. As gefolch fan dit belied, kontrolearje de stewards de aktiviteit fan behearders op alle Wikimedia Foundation wiki's dy't hjirfoar gjin eigen belied hawwe. Foar safier at wy witte hat jim wiki gjin formiele wurkwize om de ekstra rjochten fuort te heljen fan net mear brûkte accounts. Dat betsjut dat de stewards dizze taak op harren nimme mei as útgongspunt de behearders aktiviteits kontôle.

Wy hawwe feststêld dat de neikommende brûkers foldogge oan it inaktiviteits kriterium (gjin oanpassing en no festleine aksjes yn de lêste twa jier):

  1. bruker 1 (behearder)
  2. bruker 2 (rjochtenútfurder, behearder)
  3. bruker 3 (rjochtenútfurder)
  4. bruker 4 (omjouwingsbehearder)
  5. ...

Dizze brûkers sille ynkoarten in berjocht krije, wêr't se frege wurdt om in diskusje yn de mienskip te begjinnen mochten sy guon of alle rjochten hâlde wolle. At de brûkers net reagearje, dan sille de ekstra rjochten ferwidere wurde troch de stewards.

Lykwols, as jim as mienskip graach in belied opsette wolle foar jim eigen aktiviteits kontrôle dy't de algemiene kontrôle ferfangt, as in oare beslút nimme wolle oer dizze inaktieve behearders, as at jim al in belied opset hawwe dy't wy oer de holle sjoen hawwe, lit it dan witte oan de stewards op Meta-Wiki sadat wy witte dat wy dizze kontrôle net mear op jim wiki hoeche út te fieren. Tankewol.