WikiMiniAtlas/fy

From Meta, a Wikimedia project coordination wiki

English (main) | Català | Deutsch | Eesti | Esperanto | Euskara | Finnish | Français | Frysk | עברית | Italiano | 日本語 | 한국어 | Kölsch | Kurdî | Lietuvių | Nederlands | Polski | Português | Svenska | Türkçe | 廣東話 | العربية | Српски | فارسی | پښتو | bewurkje

Karakteristyk
VMAP0-laach
Oantsjutting
Seeiis
seaicea
iisbank
Gerslân
grassa
gers
Beammen
treesa
beammen
Wetter
inwatera
marren en brede rivieren
Iis
landicea
lâniis
Stêden
builtupa
alle plakken
Rivieren
watrcrsl
river

minder grutte rivieren

Grinzen
polbndl
lânsgrins

streekgrins

Kanalen
aquecanl
kanaal
Spoarlinen
railrdl
spoar
Diken
roadl
mei midsbjirm

sûnder midsbjirm

Kaartsymboalen
Side
Berch
Doarp < 1.0000 ynwenners
Lytsstêd < 100.000 ynwenners
Stêd < 500.000 ynwenners
Grutstêd < 1.000.000 ynwenners
Wrâldstêd > 1.000.000 ynwenners

WikiMiniAtlas is Javascript-ynstekker om in lûkbere, skaalbere en klikbere wrâldkaart sjen te litten yn Wikipedia-siden mei geokoade. De kaart hat keppelings nei alle oare siden yn Wikipedia mei geokoade en kin tichterbygean oant likernôch in krektens fan 100m, wrâldwiid. It liket op GoogleMaps mar it is ús eigen sêftguod en frij-beskikbere gegevens.

Sjoch op de Ingelske side foar it Washington-monumint. Fyn it -byldkaike yn 'e rjochter boppehoeke. Klik der op en lûk de kaart ris wat hinne en wer. Brûk de +/- _knoppen foar tichterby en fierderôf; mei de pylk-omleech-knop wurdt in ynstellingsside iepene. Mei de pylk-omheech-knop giet it finster wer ticht.

De kaartgegevens komme fan GSHHS Coastline Data (frij fan rjochten), VMAP0 ferwurke mei it Mapnik-ark, fierdere gegevens fan US National Park Service, Landsat7-gegevens fan NASA.

Gegevensboarnen[edit]

  • De keppelings op de kaart wurde oanmakke út in kaartebak fan de:User:Kolossos folle mei gegevens fan de:User:Stefan Kühn dêr't koördinatengegevens yn kombinearre wurde út ferskate taalferzjes.
  • Neilprintsjes fan Commons wurde geregeldwei ûntliend oan de kaartebak-opslach.
  • De ferstekbasiskaart wurdt oanmakke fan VMAP0 ferwurke mei it Mapnik-ark. De neikommende VMAP0-lagen wurde tekene:
  • As in grutte leafhawwer fan de Nasjonaal Park-tsjinst haw ik ek al de nasjonale parken en monuminten fan de FStafoege oan de VMAP0-basiskaart. (Tankewol foar de frij-beskibere geo-gegevens!)
  • De lytsere-bânwidens kaart (kustline) is basearre op GSHHS kustline-gegevens (frij fan rjochten).
  • It reljef mei skaadwurking fan physical is makke troch Tom Patterson fan de US Nasjonaal Park-tsjinst, fral bassearre op Landsat- en SRTM30gegevens. It is frij fan rjochten, hjir ôf te heljen. Om de twa healrûnen ta tichels te fersnijen waard in eigen ImageMagick-skript brûkt.
  • De Landsat7-, deistich aqua- en deistich terra-satelyt-kaartypen brûke gegevens fan National Air and Space Administration (NASA).

Ynstelle[edit]

Skriuw dit earne yn jo "monobook.js"-triem:

var wma_settings =
{
 height : 400,
 width : 700
}

om de mjitten fan it MiniAtlas-finster yn te stellen.

Oersjoch fan ynstellings[edit]

Parameter Omskriuwing
height: h Meitsje it kaartfinster h punten heech.
width: w Meitsje it kaartfinster w punten wiid.
zoom: z Set de skaal fan de kaart ta nivo z (0=hiele wrâld, 15=tichtstby). At z ta -1 set wurdt, wurdt der fansels in gaadlik nivo foar de skaal keazen (ferstek).
enabled: true|false Set dit ta false om WikiMiniAtlas út te setten.
onlyTitle: true|false Set dit ta true om WikiMiniAtlas te beheinen ta titelkoördinaten.
buttonImage: url Brûk yn stee fan de blauwe wrâldbol it ôfbyld op url.

Technyk[edit]

  • It VMAP0-type is basearre op gegevens fan de fektorkaart 0 fan de striidmachten fan de FS, ferwurke mei it Mapnik-ark.
  • It kustline-type is basearre op GSHHS kustline-gegevens en ferwurke mei gebrûk fan eigen sêftguod makke op de AGG (Anti Grain Geometry) grafyske bibleteek.
  • It satelybyld-type is op it stuit fersteld. Ik wurkje oan in bettere wize fan it ûntfangen fan de gegevens mei help fan JPL.
  • It eksperimintele Maan-type wurdt ophelle en oerslein fan http://onmoon.jpl.nasa.gov.
  • De keppelings op de kaart binne basearre op gegevens ûntliend troch de:User:Stefan Kühn ferwurke troch de:User:Kolossos wêrby koördinatengegevens fan ferskate taalferzjes kombinearre wurde. De gegevens wurde ophelle mei XMLHTTP-oanfregen fan in eigen HTTP-tsjinnerprogramma dat de gegevens yn fjirbeammen sortearre hâld foar fluch opheljen.

Fragen en antwurden[edit]

Wêrom stiet de reade punt net op de posysje fan it sidemark?
De koördinaten hoeche net persee itselde te wêzen as de koördinaten op krekt de side dy't jo lêze. Dat kin ferskillende oarsaken hawwe:
  • De koördinaten binne feroare sûnt de lêste kear koördinategarjen.
  • De koördinaten yn de kaartebak binne ûntliend oan in sideferzje yn in oare taal. (Fan siden keppele troch ynterwiki wurdt oannaam dat dy deselde koördinaten hawwe, mar de persizens fan it geokodearjen kin dúdlik ferskille tusken projekten.)
  • Numerike brekken yn de Javascript-ferwurker beheine de persizens fan treffers (yn in perfekte wrâld koe dat net...).
Ik bin fan xx.wikipedia.org en soe de WikiMiniAtlas graach beskikber meitsje foar ús projekt!
Prachtich, in lege kaart sûnder keppelings soe daalks wurkje moatte; foegje gewoan de koade om MediaWiki:Wikiminiatlas.js op te nimmen ta oan de MediaWiki:Common.js-triem fan jo projekt. Nim, asjebleaft, net de hiele koade fan WikiMiniatlas op yn jo projekt, om't it skript dan net fansels bywurke wurdt, en om't it protokol tusken it klant-javascript en de tsjinner altiten feroarje kin.
At jo graach ek keppelings yn jo projekttaal op de kaart hawwe wolle, nim dan kontakt mei my op dan foegje ik it ta oan de tsjinnerkant-stipe. Mar jo projekt moat al aktif geokoadingwurk hawwe en moat stipe wurde troch Wikipedia-World.
Wêr kin ik it wurkjend sjen?
De WikiMiniAtlas is by ferstek beskikber op de Ingelske, Katalaanske, Esperanto, Frânske, Yslânske, Italiaanske, Noorske (bokmål), Portegeeske, Russyske en Spaanske Wikipedyen en op Wikimedia Commons.

Skermôfbylden[edit]